Jeugd- en Jongereinwurk: Der wurdt wurke oan belied foar dit underwerp. Hjirby spilet ek it fenomeen fan it meitsjen fan budzjetofspraken. Bibleteek: It stribjen is om nije budzjetofspraken te meitsjen. By it jeugdaspekt is der sprake fan in basistaak, wat in goede foarsjenning fan boeken betsjut werby't it aspekt lesbefoardering in wichtich middel is. Romtlike Oardering/Doarpsfemijing: Foarm fan selsbehear is doedestiids troch ferienings fan doarpsbelangen net posityf untfongen; derom de ofwachtsjende halding fan it kolleezje. WVG: Der sil yn it twadde part fan de gearkomste op weromkaam wurde. Solidariteit oangeande bys. bystan./WIW: De neidruk wurdt lein op in sa goed mooglike utfiering. De foarsitter: Iepenbiere feiligens yn sintrum Stiens: Yn breed ferban plysje, gemeente wurdt wurke oan in bettere feilichheid. Yntegraal Feilichheidsbelied: It foamimmen is om in notysje yn 'e maitiid 1999 yn kommisjeferban oan de oarder te stellen. Finansjele kwestjes sille yn it twadde part fan de gearkomste beantwurde wurde. Demei bringt de foarsitter it utstel fan oarder fan de fraksje fan Gemeentebelangen - gearkomste op in oare datum te halden - yn stimming. Dat utstel wurdt mei 10 stimmen tsjin en 5 stimmen foar (fraksje GBL) fersmiten. Neiere ynformaasje fan it kolleezje oangeande de begrutting 1999 sil de leden fan de ried uterlik tongersdei 26 novimber oansteande foar 17.00 oere berikt hawwe. (2696m) Demei underbrekt de foarsitter de oansteande 19.00 oere. gearkomste oant tongersdei 26 novimber (Ban II - 0000 m.) Op de 26e novimber wurdt de gearkomste ferfette en jout de foarsitter in koarte taljochting op it nije foarstel fan it kolleezje en stelt ut om dat foarstel yn behanneling te nimmen en eardere amendeminten oan 'e kant te skowen. In utstel fan Gemeentebelangen om de behanneling dochs ut te stellen om de stikken better bestudearje te kinnen en goed trochtochte besluten nimme te kinnen, wurdt troch de oare fraksjes fersmiten. De gearkomste wurdt dan underbrutsen. (540 m.) Demei komt it oanfoljend/defmityf utstel fan it kolleezje oan 'e oarder, der't troch alle fraksjes wiidweidich op reagearre wurdt. Op de stelde fragen wurdt troch de portefuljehalders noch op de folgjende wize yn't koart antwurde. De foarsitter: Bibleteek: it kolleezje haldt fest oan it eigen utstel (ferwizing nei "opmerkingen college")

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 9