Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 28 jannewaris 1999. Oanwezich: de froulju F. Haites, M. Glas, D. Dijkman en de hearen J. Admiraal, S.R. Roosma, A. Dijk- stra, D. Bijlsma, W. Ekas, A. Elgersma, R.A. Ketellapper, J.S. Keizer, B. Lageweg en de wethalders C. Vos en B.H. Klaassens. Mei kundskip ofwezich: de hear J.J. Kingma Foarsitter: mefrou W.Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear G. Dijkstra (loko) Ban II - 0825 m. 1. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan de 17e desimber 1998. 0825 m. Pag.l: "wethalders" moat weze "wethalder"; de hear Admiraal hat it pjutteboartersplak allinnich mar neamt as in nominaasje foar in mooglik yn te stellen emansipaasjepriis. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 99/1 - 884 m. B1De FNP is it net iens mei de notulearring oer de ludswal, benammen de opmerking dat de mearderheid foar west hat (Bijlsma). Wethalder Klaassens is fan miening dat der sprake wie fan ienriedichheid yn de kom- misje. B4: Nei oanlieding fan in fraach fan mefrou Glas antwurdet wethalder Vos dat it Jeugdparle- mint noch mei utstellen komme moat foar in basketbalfjild en "halfpipe". C4: Untwerpbegrutting Marrekrite hat net op besjen lein! (Keizer) Begrutting meinimme by behanneling yn kommisje (Haites en Bijlsma) Wethalder Klaassens seit ta dat de begrutting yn kommisjeferban behannele wurde sil. 3. Oanpassing ludswal It Skil. 99/2 - 1060 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Bijlsma, Ketellapper, Lageweg, Roosma, Stienstra, Dijkman, wethalder Klaassens en de foarsitter

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 4