It foarstel fan de FNP om it utstel werom te nimmen en in oantal saken op 'e nij te besjen yn 'e kommisje, wurdt oannommen mei 9 stimmen foar en 6 stimmen tsjin. Foar it utstel binne: de fraksjes van FNP, GBL, WD en de hear Roosma; de oare riedsleden binne tsjin. Feststelling bouleezies. 99/3 - 1465 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Lageweg, Bijlsma, Flaites, Glas, Dijkman, Admiraal, Ketellapper, wethalder Vos en de foarsitter. Om't de bouleezjes noch underdiel utmeitsje fan de begrutting wurde yn dat ramt ek daliks neiere utstellen oangeande de bibliobus meinommen. Gemeentebelangen komt mei it folgjende utstel: De bibliobus hanthavenje salang't der net in altematyf foar is. Underwilens in subsydzje foar de biliobus jaan fan 25.200,00; dekking troch it fer- leegjen fan de besuniging op de bibleteek 7000) en it restant ut boppewykse foarsjen- nings en komutlis 18.200,00). Dat utstel wurdt fersmiten mei 5 stimmen foar (fraksje GBL) en 8 stimmen tsjin (fraksjes PvdA, CDA, WD). De fraksje fan de FNP unthaldt har fan stimming en ferlit de seal (ferklearring Bijlsma). It CDA komt mei in oar utstel: De skoallen buten Stiens, as altematyf foar de bibliobus, yn it jier 1999 yn steat stelle om in eigen bibleteek op te bouwen. In bedrach fan 50,— de learling beskikber stelle, der't de skoallen dan sels boeken foar keapje kinne. It oantal bem op de skoallen buten Stiens is 278. De kosten fan dit foarstel binne: 50 x 278 13.900,-. De dekking fan dat bedrach kin fun wurde troch: a. de 7000,— dy't oer is fan it foarstel fan de FNP, ut reservearring Stim.Funs Middel- see, dien yn de riedsgearkomste fan 26 novimber 1.1. b. 7000,— ut nij belied. Evaluaasje fan dit foarstel moat dit jier plak fine. Dat CDA-utstel sil neier undersocht wurde en sa gau mooglik yn kommisjeferban behannele wurde. GBL haldt fest oan it hanthavenjen fan de bibliobus op dit stuit Earst sil de helberheid fan it altematyf fan it CDA blike moatte; is dat net it gefal dan sil de FNP har foarstel fan desimber (ferleging besuniging biblioteek 25.200,-) noch yntsjinje. Wethalder Vos seit ta dat der oerlis plakfine sil mei it bibleteekbestjoer, de skoallebest- joeren en de ferieningen fan doarpsbelangen. Mei it feststellen fan de bouleezjes wurdt unanym ynstimd.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 5