5. Ferkeap oandielekanitaal NV Waterleiding Friesland 99/4 -2227 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Ekas, Haites, Dijkman, Dijkstra, Admiraal, Lageweg, Bijlsma, Roosma, de beide wethalders en de foarsitter. As earste wurdt stimd oer in oanfoljend utstel mei de folgjende betingsten: a. oanfolling fan de tsjinstferlieningsoerienkomst mei in juridysk haldber kest oangeande de rjochtsbeskerming fan de klanten; b. dat wannear't binnen 5 jier de trochferkeap fan it tsjintwurdige oandielekapitaal plak fynt, de mearwearde te'n goede komme sil oan de dielnimmende gemeenten binnen de N.V. Waterleiding Friesland. Dat utstel wurdt fersmiten mei 4 stimmen foar en 11 stimmen tsjin. Foar: Dijkstra, Bijlsma, Roosma, Admiraal. Tsjin: fraksjes GBL, CDA, WD en Glas en Klaassens. Demei wurdt it utstel fan it kolleezje yn stimming brocht. Dat wurdt fersmiten mei 2 stimmen foar (Dijkman, Klaassens) en 13 stimmen tsjin. Stimferklearrings binne oflein troch Dijkman, Bijlsma, Admiraal, Haites, Ekas en Klaassens. 6. It halden fan in rommelmerk op snein. 99/5 -475 m. (Ban I) Der wurdt it wurd oer fierd troch Ekas, Dijkstra, Admiraal, Haites, Dijkman, Lageweg, Roosma, wethalder Vos en de foarsitter. Op foarstel fan GBL wurdt it utstel fan it kolleezje sa oanfolle dat de rommelmerk it earste jier yn 'e sporthal plak fynt en dat der demei evaluearre wurde sil. It kolleezje-utstel mei boppeneamde oanfolling wurdt oannommen mei 12 stimmen foar (fraksjes PvdA, WD, FNP, GBL) en 3 stimmen tsjin (fraksje CDA). It CDA is prinsipieel tsjin. It giet neffens har om in kommersjele aktiviteit dy't yn striid is mei de sneinsrest. (Stimferklearring wethalder Vos). 7. Beneaming kommissaris Molen de Hoop BV. 99/6 - 964 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt it utstel fan boargemaster en wethalders oannommen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 6