GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 3 Agindapunt: 3 Foarstelnu.: 99/33 Stiens, 18 maaie 1999 Underwerp: undersyk betrouwensbrief de hear Folkert Dijkstra Oan de gemeenteried Koartlyn hat de hear Douwe Bijlsma syn untslach as riedslid yntsjinne by de foarsitter fan jimme ried. Om te foldwaan oan kest W1 fan de Kieswet hat de foarsitter fan it sintraal stimburo foar de ferkiezing fan leden fan de gemeenteried fan Leeuwarderadeel derta yn oanmerking kommende kandidaat de hear Folkert Dijkstra beneamd ferklearre op 7 mei 1999. De hear Dijkstra hat dy beneaming oannommen op dyselde dei. As gefolch fan itjinge, dat stiet yn de kesten V4 en V12 fan de Kieswet moat jimme ried de betrouwensbrieven undersykje yn de earstkommende riedsgearkomste, nei't de beneamde de beneaming oannommen hat. Lykas stiet in it Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de gemeenteried sil de foarsitter tidens de gearkomste in trijetal leden beneame as kommisje fan undersyk. Troch ien fan de leden sil de kommisje ferslach dwaan fan it undersyk en jimme oanslutend utstellen dwaan oer it talitten fan it beneamde lid, at de kommisje net ienstimmich oardielet, moat ek it stanpunt fan de minderheid kenber makke wurde. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MEFR. W.CHR. VROEGINDEWEIJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 10