Stiens, 2 lste fan Blommemoanne 1999. Agindapunt Foarstelnu: 99/43 1 3 Oan it Kolleezje fan Boargemaster en Wethalders en de Riedsleden fan de gemeente Ljouwerteradiel, Ljipstrjitte 1, Stiens. Oangeande: Bibleteekbus. Achte Kolleezje en Riedsleden, Sa't wy yn de riedsgearkomste fan april 1.1. en ek al earder oankundige ha komme wy no mei in utstel oangeande de "Bibleteekbus". Stikje skiednis. By de behanneling fan de begrutting foar 1999 yn de riedsgearkomsten fan 23 en 26 novimber 1998 is der in koarting trochfiert op it budget fan de Stiffing Algemiene Bibleteek Ljouwerteradiel. Ien en oar hat fan gefolgen han dat de Bibleteekbus net mear riidt yn us gemeente. Sawol de FNP-fraksje as dy fan Gemeentebelangen ha doe utstellen dien om de koarting te beheinen. Beide utstellen binne doe fersmiten. Yn de riedsgearkomste fan 17 desimber 1998 is de FNP op:e nij mei in utstel kaam wat oanhalden is. Yn de riedsgearkomste fan 28 jannewaris 1.1. is Gementebelangen mei in utstel kaam werop it CDA in altematyf nei foarren brocht. As FNP woene wy de mooglikheid der't it CDA mei kaam in kans jaan. Lykwols hat bliken dien dat dat utstel net droegen waard troch u.o. de skoallen. Provinsjaal is der yn dy tuskentiid fan alles bard mei as risseltaat dat de measte gemeenten efter de Bibleteekbus stean bleaun binne. Koart kriemt kin stelt wurde dat yn elts gefal de G.BL-, de CDA- en de FNP-fraksje hechtsje oan in foarsjenning op de doarpen sels. Der is noch in protte yn beweging dat realisearje wy us, mar wy wolle net in gat falle litte wat dizze foarsjenning oangiet. It is wichtich dat bem in sa leechdrompelige mooglikheid ta lezen halde. Wy stelle derom ut it kredyt nedich foar de Bibleteekbus foar 1999 beskiber te stellen en demjonken it kommende healjier te sykjen nei oare mooglikheden dy't op syn minst munsterje kinne mei de Bibleteekbus en deroer te rapporteaijen in moanne foar de behanneling fan de begrutting foar it jier 2000. Utstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 40