Feststelling tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Middelsee vn Stiens 99/24 - 1585 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Stienstra, Bijlsma, Dijkman, Ketellapper, Ekas, Roosma, Keizer, Lageweg, wethalder Kaassens en de foarsitter. Nei in wiidweidige diskusje wurdt it utstel op dit stuit weromlutsen en sil it weromkom- me yn kommisje II en de rie mei it taheakjen fan antwurden op de stelde fragen. Restauraasie Stienhusterpoldermune vn Stiens 99/25 - 2158 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Bijlsma, Haites, Dijkman, Elgersma en wethalder Vos. Sunder haadlike stimming wurdt it utstel fan it kolleezje oannommen. De Stichting Fryske Mole sil wiisd wurde op de underhaldsplicht nei de restauraasje. It opheffen fan de mienskiplike regeling "Distributiedienst Noord Friesland" 99/26 - 2283 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Dijkstra, Ekas en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt it kolleezje-utstel oannommen. It oanskaffen fan in leezjeskassa 99/27 -2321 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Ekas, Dijkstra en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt it utstel oannommen. De ffaach oangeande de ferdwune kassa sil yn kommisje 3 beantwurde wurde. It ferfangen fan kantoarmeubiler Boarger- en Ynterne Saken 99/28 - 2380 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt it utstel fan boargemaster en wethalders oannommen. It opheljen fan it lvts gemvsk offal (KCA) 99/29 - 2385 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Dijkman, Bijlsma, Haites, Elgersma en wethalder Vos. Sunder haadlike stimming wurdt besletten neffens it kolleezje-utstel. Der sil nochris utrekkene wurde litte wat it foar 'e tiid ut it KCA-helsysteem stappen werklik kostet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 5