Agindapunt: 6 Utstelnu.99/48 Stiens, 16 juny 1999 Underwerp: Maitydsnotysje 1999 Oan de gemeenterie Neffens de jildende ferantwurdingssystematyk yn us gemeente is de maitydsnotysje 1999 opmakke (al yn jimme besit). De maitydsnotysje jout ynsjoch yn in tal untwikkelings dy't direkt finansjele gefolgen foar us gemeente ha en yn in tal untwikkelings dy't op termyn finansjele gefolgen foar us gemeente ha. Derom is dy nota opdield yn de neikommende underdielen: - befolkingsgroei en taname fan it tal wenningen; - personiele formaasje - aktuele untwikkelings - untwikkelings yn 'e rinnende begrutting en - fuortgang besunigingsutstellen. De maitydsnotysje 1999 slut mei in batich saldo fan 3.900,-. It wichtichste underdid fan dy nota is it feit dat de ynkomsten dy't begrutte binne foar de bouleges, fan't jier net helle wurde. Foar dit jier halde wy rekken mei it werom rinnen fan dy ynkomsten fan 146.000,-, om't it boutempo yn us gemeente gans leger is dan at jimme ried ferwachte by it feststellen fan de begrutting 1999. Dy neidielige prognose kin opfongen wurde troch in bedrach fan 184.100,— te untluken oan de foarsjenning personiel. Dy foarsjenning is ynsteld by de nota reserves en foarsjennings foar it opfangen fan de kosten, dy't mank geane mei it personiel dat gjin direkte wurksumheden mear foar us gemeente ferrjochtet. Foar de utwreide taljochting kin ferwiisd wurde nei de ynhald fan de maitydsnotysje der't de ynhald fan foar himsels sprekt. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MEFR. W.CHR. VROEGINDEWEIJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 17