GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 7 Agindapunt 7 Utstelnu.: 99/49 Stiens, 16 juny 1999 Underwerp: Nota reserves en foarsjennings gemeente Ljouwerteradiel Oan de gemeenterie By it behanneljen fan de rekken 1997 is nei oanlieding fan in opmerking yn it accountantsrapport tasein dat oan jimme ried fan 't maitiid in nota reserves en foarsjennings oanbean wurde soe (al yn jimme besit). No is it momint kommen dat de nota jimme oanbean wurdt om fest te stellen. Kolleezj eprogram Yn it kolleezj eprogram foar it sittingsskoft 1998-2002 is oer de algemiene reserve it neikommende opnommen: "Voor een gezond fmancieel beleid dient de algemene reserve weer op peil te worden gebracht. Hiervoor dient jaarlijks een half procent van de "omzet" te worden gereserveerd. Een kleinere reservering is alleen bespreekbaar als er onverwachte, niet te voorziene tegenvallers zijn, die niet het gevolg zijn van eigen gemeentelijk beleid". Yn 'e begrutting 1999 hat niisneamde reservearring net plakfun. Soks, sjoen de utkomsten en de taryfsferheging foar de ferskate belestings, dy't dermei mank geane. Yn 'e nota dy't no foar jimme leit is it utgongspunt fan in algemiene reserve mei in omfang fan 10 fan de gemeentlike "omset", ferlitten. Dit is in gefolch fan: 1nei't it kolleezj eprogram feststeld is, binne der in tal (eksteme) untwikkelings west (ferkeap oandielen Wetterlieding en Frigem); 2. by it opmeitsjen fan dy nota binne de funksjes fan de algemiene reserve yn kaart brocht; 3. it bepalen fan de "omset" fan de gemeente is net maklik. Ommers, de "omset" fan in gemeente is foar in grut part ofhinklik fan it al of net utfieren fan taken dy't yn it ferline oan de gemeente jun binne om ut te fieren.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 19