GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 2 BesluteList fan de riedsgearkomste fan 27 maaie 1999 Oanwezich: de froulju Glas, Dijkman, Haites en de hearen Admiraal, Roosma, Bijlsma, Dijkstra, Elgersma, Keizer, Lageweg, Ketellapper, Stienstra en de wethalders Vos en Klaassens. Ofwezich: de hear Ekas (mei kundskip) Foarsitter: mefrou Vroegindeweij Siktaris: de hear Kingma Ban I - 0000 m De foarsitter dielt mei, dat de hear Ekas oare ferplichtingen hat. Punt 10 is fan de wurklist helle en it taheakke punt 13 sil oan de oarder steld wurde foar punt 11 1. Feststelling fan de beslutelist fan 29 april 1999. De hear Dijkstra seit dat de korreksje fan de beslutelist fan de gearkomste fan 25 maart noch net goed is. Der is net stimd, dus is der ek gjin stimferklearring oflein. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 99/32 - 0095 m B - 1mefrou Glas freget om foar de behanneling fan dit punt yn de kommisje fan oansteande moandei noch neiere ynformaasje ta te stjoeren. Wethalder Vos seit dat ta. B - 2: De hearen Stienstra en Keizer freegje om dit punt oan de oarder stelle te meien by punt 9 fan de wurklist. Dat mei fan de foarsitter. C - 1Besletten wurdt om dit stik werom te nimmen en earst yn it algemien in stanpunt yn te nimmen oer de fraach oft foar dit soarte saken in taak weilein is foar de gemeente. C - 3: De hear Admiraal freget om de saken dy't hjir spylje nochris foar de kommisje op besjen te lizzen, sadat yn it ferfolch ien antwurd jun wurde kin en net elts him hjir mei dwaande hoecht te halden. Dat wurdt tasein. C - 5: Dit punt komt yn de kommisje oan de oarder. 0052 m 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 4