9. Feststellen wegekategorisearring Stiens. 99/39- 1434 m Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Keizer, Bijlsma, Roosma, Stienstra, frou Dijkman en wethalder Klaassens. Ferskate sprekkers steane stil by knyppunten. Dat is no net oan de oarder. De FNP docht it utstel om it part fan de Lege Hearewei tusken Smelbrege en it kruspunt by de iepenbiere basisskoalle "De Jinf'yn te dielen yn de kategory 30 km. Dat utstel kriget gjin stipe fan de oare fraksjes. Ofpraat wurdt om oer dit soarte saken neier oerlis te hawwen by it bepraten fan knyppunten. Fierder sil it kaartsje oanpast wurde mei de 50 - km kleur foar de paralleldiken. Sunder haadlike stimming wurdt it utstel oannommen. 11. Begruttingswizigings. 99/41 - 2255 m Dizze wurde net feroare feststeld. 13. Bibleteekbus. 99/43 - 2265 m Dit utstel fan de FNP wurdt taljochte troch de hear Bijlsma. Demei komme oan it wurd de hear Elgersma, de froulju Haites, Glas en Dijkman en wethalder Vos. It utstel wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden fan de fraksjes FNP en GBL. De oare fraksjes binne tsjin. It utstel is dermei fersmiten. 12. Ofskie fan riedslid de hear D. Biilsma. Oan it wurd komme de foarsitter (2513 m), de hear Lageweg (2592 m), de hear Dijkstra (2658 m) en de hear Bijlsma (2717 m) Sa besluten troch de ried niisneamd yn syn iepenbiere gearkomste fan 24 juny 1999, de siktaris, 1 r arsitter, ingma) (Mevr. egindeweij)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 6