LEEUW ARDER ADEEL Tasizzings dv't dien binne vn de riedsgearkomste fan 22 iuly 1999 A Algemene Zaken, Welzijn en Onderwijs F= Financien G Gemeentewerken P Personeelszaken V Voorlichting 1G Wannear't it ynsammelsysteem foar hushaldlik offal net goed rint, sil dat yn kommisje I oan' e oarder steld wurde. It kontrakt mei Fryslan Miljeu sil op' e nij oan' e oarder steld wurde yn de kommisje- gearkomste en de rie fan septimber o.s. 2. A Nei de simmerfakansje sille de gefolgen fan it ferlytsjen fan klassen oan' e oarder steld wurde. 3. A It earste punt fan de tasizzings yn it riedsferslach fan 2 july 1.1. moat oanpast wurde. No is de begruttingswiziging foar in ekstra lokaal by de Twilling oan' e oarder. De kosten foar ekstra lokalen by d'Orientaesje sille meinommen wurde yn de begrut- ting foar 2000. Nije beslutelist meitsje. 4. G Brief fuotgongersferiening oer begeanberheid trottoirs (C3) nei kommisje II. Der is konstatearre dat it stik trottoir fan Skilhiem nei de Langebuorren sa't dat der no by leit, net geskikt is foar rolstuollen. 5. G Ynformaasje oangeande de gruntransaksje Maartenswouden op' e nij nei kommisje III. Der bestiet undudlikens oer it krekte oantal m2. 6. A List mei data feststelling en goedkarring bestimmingsplannen nei de riedsleden, en ek in oersjoch fan wizigings dy't no spylje of dy't ynkoarten oppakt wurde sille. 7. A Antenne by radio Middelsee, kin dy bestean bliuwe en/of halde se der rjochten? Wat is regele yn bestimmingsplan Stiens-doarp? Nei kommisje III. 8. F Is it ek winsklik om de risiko-paragraaf lit te wreidzjen mei bygelyks It Aldlan en it learlingeferfier? 9. F Yn kommisje III it "bankieren" fan de gemeente oan' e oarder stelle. 10. F It restearjende bedrach fan 11.665,-- foar learmiddels de Twilling yn ien kear ofskriuwe. Yn de folgjende rie in dekkingsutstel. De oanbelangjende begruttingswizi ging is trochskrast.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 12