GEMEENTE LEEUWARDERADE1 II m H - Beslutelist fan de ekstra riedsgearkomste fan 2 july 1999. Oanwezich: de froulju F. Haites, D. Dijkman en de hearen J. Admiraal, S.R. Roosma, A. Dijkstra, F. Dijkstra, W. Ekas, A. Elgersma, R.A. Ketellapper, J.S. Keizer, B. Lageweg, J. Stienstra en de wethalders C. Vos en B.H. Klaassens. Foarsitter: mefrou W.Chr. Vroegindeweij Siktaris (loko): de hear G. Dijkstra Ban I - 950 m. 1. Undersvk betrouwensbrief fan mefr. J.M. Oppenoorth. 99/53 De kommisje fan undersyk bestiet ut mefrou Dijkman en de hearen A. Dijkstra en Ekas. Neffens dy kommisje binne der gjin beswieren tsjin de beneaming fan mefrou Oppe noorth ta riedslid yn de earstkommende riedsgearkomste. 2. Beskikber stelle ekstra krediten foar de husfesting basisunderwiis Stiens 99/52 Der wurdt it wurd oer fierd troch Lageweg, Haites, F. Dijkstra, Dijkman, Roosma, Ketellapper, Keizer, Elgersma, A. Dijkstra, Admiraal, Stienstra, wethalder Klaassens en de foarsitter. Nei in wiidweidige diskusje en ferskate underbrekkings fan de gearkomste wurdt sunder haadlike stimming ynstimd mei utwreiding fan d'Orientaesje ta 15 permaninte groeps- romtes en 1 boarterslokaal en mei de utwreiding fan De Twilling ta 12 groepsromtes en 1 boarterslokaal. De wichtichste tasizzingen dy't troch it kolleezje dien wurde binne: utwreiding fan De Twilling is akkoart; de finansjele fertaling fan utwreiding fan d' Ori- entaesje lykwols by de begrutting 2000; der sil sa gau mooglik utein set wurde mei it oanpassen fan de husfestingsoardering; yn kommisjeferban sil yn septimber in tuskenstan fan saken jun wurde; der sil nochris sjoen wurde nei it al of net slopen fan de Paedwizer. Sa besluten troch de ried niisneamd yn syn iepenbiere gearkomste fan 30 septimber 1999, de siktaris, lif/J// de foarsitter, (J.J. kjngma) (Mefr. W.C f. Vroegindeweij)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 4