Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 22 iuly 1999 Oanwezich: de froulju F. Haites, D. Dijkman en de hearen J.W. Admiraal, A. Dijkstra, F. Dijkstra, R.A. Ketellapper, W. Ekas, J. Stienstra, B. Lageweg, J. Keizer, S. Roosma, A. Elgersma en de wethalders C. Vos en B.H. Klaassens. Foarsitter: mefrou W.Chr. Vroegindeweij Loko-siktaris: de hear G. Dijkstra Ban I -0000 m. 1. a. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan de 24e iunv 1999 0040 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Elgersma, A. Dijkstra, F. Dijkstra, Stienstra en wethalder Vos. De hear Elgersma stelt in fraach oer it ynsammelsysteem hushaldlik offal. De hear Dijkstra seit dat Bijlsma unrjochtlik by de oanwezigen neamd stiet. De foarsitter merkt op dat de hear Stienstra by de "verordening duurzame gebruiksgoe- deren" foar stimd hat. De hear F. Dijkstra fynt dat de sin oangeande it bestimmingsplan Koamjum (punt 5) by punt 4 stean moatten hie. It ferslach wurdt, mei it yn acht nimmen fan boppesteande reaksjes, feststeld. De tasizzing wurdt dien dat it kontrakt oangeande it ynsammelsysteem hushaldlik offal yn septimber oan 'e oarder komme sil. b. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan de 2e iuly 1999 It oanpaste ferslach sil yn septimber op e nij oan 'e oarder komme.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 5