12. Ekstra kredvt foar it oanskaffen fan learmiddels ibs De Twilling 99/64 - 2104 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Ketellapper, F. Dijkstra, Stienstra, Elgersma, Roosma en wethalder Klaassens. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Tagelyk wurdt der besletten dat it bedrach fan /II .665,— yn ien kear ofskreaun wurde sil. In dekking moat der noch foar oanjun wurde. 13. Nij automatisearringssvsteem foar de Sosiale Tsiinst vn gearwurking mei Ferwer- deradiel 99/65 - 2184 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Dijkman, de hearen A. Dijkstra, Ekas, Roosma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. BANII 14. Preemie-oardering 99/66 - 0165 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 15. Kredvt foar in elektrisiteitskast yn gebruk by wvktnerk en merke/wiziging "Marktgeldverordening" Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites en Dijkman, de hear Ekas en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Yn kommisje III sil meidield wurde wannear't de yngongsdatum is. 16. Oanbringen foarsjennings om de legionellabaktearie foar te kommen 99/68 - 0282 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites en Dijkman, de hearen A. Dijkstra, Ekas, Admiraal, Keizer, Roosma, Lageweg en de foarsitter. Der wurdt besletten om It Gryn mei de beide sporthallen en it gymlokaal fan de Dobbe daliks ut te fieren. By de Dobbe sil neier sjoen wurde yn relaasje ta it wol of net ofstjitten fan it gymlokaal. Foar de oare foarsjennings sil it trochspielen ynearsten noch mei de han barre troch de behearders fan de akkommodaasjes. It kolleezje sil mei in neier utstel by de rie komme, werby't in ekstra riedsgearkomste begjin septimber net utsletten wurdt. 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 8