GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 6 Agindapunt: 6 Foarstelnu.: 99/93 Stiens, 20 oktober 1999. Underwerp: Beskikber stellen kredyt foar wegekategorisearringsplan. Oan de gemeenteried Yn jimme gearkomste fan maaie 1.1. is yn it ramt fan Duurzaam Veilig Verkeer de wegekate- gorisearring foar Stiens feststeld. Datselde moat ek noch plak ha foar de oare doarpen en foar it butengebiet. Foar 'e ein fan't jier moat in totaalplan foar de hiele gemeente, benammen der't it om 30- kilometersones giet, troch de ried feststeld weze om de troch it Ryk taseine subsydzje foar de utfiering fan de maatregels feilich te stellen. Dat plan sil dan fia in rapportaazje oan it Ryk foarlein wurde moatte. Mei it each op de spesifike kennis dy't nedich is foar it opstellen fan in kategorisearringsplan, de tiid dy't der mei hinne giet en it kreearjen fan in breed draachflak binne offertes oanfrege by twa eksteme buro's, DF1V Hofstra BV lit Grins en BiigelHajema ut Ljouwert. De kosten foar it opstellen fan it plan wurde troch beide buro's rusd op sa'n 12.000,-- ekskl. btw. Wy ha us foarkar utsprutsen foar DHV Hofstra om't by harren in persoan wurksum is dy't hjir stazjere west hat en doe al min ofte mear in basis lein hat foar in kategorisearringsplan. Demeist is DHV neffens us mear in advysburo foar ferkearssaken as BiigelHajema dat better thus is yn romtlike oardering en miljeu. Wy fersykje jimme in kredyt fan 12.000 ekskl. btw beskikber te stellen. Dekking fan dat bedrach kin plakfine ut de stelpost unfoarsjoen 2000 (ofskriuwing yn 5 jier, mei in jierlest fan 3.575,—). Undertusken is foar it projekt in subsydzje by de provinsje oanfrege ("doeluitkering verkeers- veiligheid"). Dy mooglike bydrage sil it totaalbedrach omleechhelje. Demeist soe de dekking ek foar in part plakfine kinne ut de subsydzje foar brommers op de rydbaan (frij te besteegjen bedrach).

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 17