1 Oanwezich: de froulju D. Dijkman, J.M. Oppenoorth en de hearen J.W. Admiraal, S.R. Roosma, A. Dijk- stra, F. Dijkstra, B. Lageweg, R.A. Ketellapper, J.S. Keizer, A. Elgersma, J. Stienstra en de wethalders C. Vos en B.H. Klaassens. Foarsitter: mefrou W.Chr. Vroegindeweij Siktaris: J.J. Kingma Mei kundskip ofwezich: mefrou F. Haites en de hear W. Ekas Ban II - 1373 m. 1. Ferklearring en belofte fan mefrou J.M. Oppenoorth De ferklearring en belofte dy't by it riedlidmaatskip hearre wurde oflein troch mefrou Oppenoorth, wernei't hja lokwinske wurdt troch de oare riedsleden. 2. Fpststelling fan de beslutelisten fan de riedsgearkomsten fan 2 iulv en 22 iulv 1999 (Beslutelist 22 july 1999, punt 8. feststellen rekken algemiene tsjinst 1998). Op de fraach fan de hear F. Dijkstra nei tariedingskosten fan projekten antwurdet de foarsitter dat der by de rekken fan 1999 omtinken oan jun wurde sil. Tekstueel wurde de beslutelisten net feroare feststeld. 3. Ynkommen stikken en meidielings 99/71 - 1467 m. C6: Skriuwen VVN oangeande brommer op' e rydbaan (Keizer en de foarsitter). Dat sil meidertiid mei advys yn kommisje II oan' e oarder komme. C7: Skriuwen FNP oangeande beandering fan Fryske brieven (Stienstra, A. Dijkstra en de foarsitter). It CDA slut oan by it skriuwen fan de FNP. De hear Dijkstra pleitet foar it utfieren fan de Notysje Frysk as oannommen belied. De foarsitter seit dat beandering fan Fryske brieven yn't Frysk plak fynt, utsein de untfangstbefestiging. Der sil ek nei sjoen wurde. CIO: Skriuwen Stichting Kinderen Voorrang oangeande Nationale Straatspeeldag 2000. (Keizer en wethalder Vos). -1-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 4