Lykas earder sil ek no it advys fan it Jeugdparlemint der wer by belutsen wurde. D2: Skriuwen FNP oangeande noardlike part Alvestederute y.f.m. rekreaasje en toerisme (Keizer, A. Dijkstra en de foarsitter). It leafst sa gau mooglik oppakke. Sil noch yn kommisje II en rie komme (uterlik desimber). Utstel oangeande beneaming kommisieleden 99/72 - 1600 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen A. Dijkstra, Admiraal en de foarsitter. By akklamaasje wurdt de hear F. Dijkstra beneamd ta lid fan Kommisje II, plakfer- fangend lid fan Kommisje I en III en lid fan de Reinigingscommissie Het Bildt - Leeuwarderadeel Mefrou Oppenoorth wurdt by akklammaasje beneamd ta lid fan Kommisje I. Utstel oangeande Jierrekken 1998 "De Skalm" 99/73 - 1640 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Stienstra, Dijkman, Admiraal, A. Dijkstrawethalder Vos en de foarsitter. Mefrou Dijkman is tsjin it hiele utstel en leit in stimferklearring of. Sa't de sitewaasje no is kin hja net akkoart gean mei it hieltyd mar fmansjeel oanfoljen fan tekoarten troch de gemeente. De definitive subsydzje foar Stichting "De Skalm" foar 1998 wurdt feststeld neffens it kolleezje-utstel. De hear A. Dijkstra stelt ut om it oerbliuwende bedrach fan 35.985,-- foar rekken te bringen fan de Algemiene Reserve. Dat utstel wurdt oannommen mei 10 stimmen foar en 3 tsjin (mefrou Dijkman en de beide wethalders). Utstel oangeande behearsfoarm hoareka "De Skalm" 99/74 - 1884 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Elgersma, Dijkman, F. Dijkstra, Admiraal, Stienstra, A. Dijkstra, wethalder Vos en de foarsitter. Nei in wiidweidige diskusje en ferskate underbrekkings fan de gearkomste wurdt it folgjende utstel yn stimming brocht: 1Ynstimme mei punt 1 fan it beslut sa't dat foarleit ("ynterne privatisearring") en fierdere utwurking mei Stichting "De Skalm"; 2. De pachtbetingsten (pachtkontrakt) foarlizze oan Kommisje I.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 5