It subsydzje fan 28.000,-- is it jierlikse maksimumbedrach en jildt foar in perioade fan 3 jier. It utstel wurdt oannommen mei 10 stimmen foar (fraksjes PvdA, CD A en GBL en 3 stimmen tsjin (fraksjes FNP en WD). Stimferklearrings wurde oflein troch de hearen Stienstra, Admiraal en A. Dijkstra. Utstel oangeande VNG-proiekt "Lokaal Jeugdbelied 1999-2000" 99/75 0745 m. (Ban II) Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Keizer, Stienstra, A. Dijkstra, Admiraal en wethalder Vos. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Utstel oangeande dielname oan de Olvmpvske dei 99/76 - 0861 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Dijkman, de hearen Ketellapper, Stienstra, A. Dijkstra, Admiraal en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt it kolleezje-utstel oannommen. Der wurdt tasein dat besocht wurde sil it gemeentlike subsydzje safolle mooglik sponso- re te krijen. Utstel oangeande de ferkeap fan it Ynfo-sintrum 99/77 - 1100 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Dijkman, de hearen Ketellapper, A. Dijkstra, Admiraal, Stienstra en de foarsitter. Mei de wize fan ferkeapjen en it fierder ofhanneljen troch it kolleezje wurdt unanym ynstimd. De betingsten en proseduere fan gunning sille noch foarlein wurde oan Kommisje III. Utstel oangeande Provinsjaal Restauraasie Utfierings Programma tPRl Pl 2000- 2005 99/78 - 1275 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Dijkman, de hearen Elgersma, Keizer, F. Dijkstra en wethalder Vos. Sunder haadlike stimming wurdt besletten neffens it utstel fan boargemaster en wethalders. In oantal saken sil noch yn Kommisje I beandere wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 6