Behanneling brief GBL-fraksje fan 20 desimber '99 oangeande it inisjatyfutstel
oer in ekstra boarterslokaal foar it VCBOL yn Stiens.
Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Dijkman, de hearen A. Dijkstra,
F. Dijkstra, Admiraal, Ketellapper en de foarsitter.
De fraksjes fan de FNP (2 stimmen), CDA (3) en PvdA (4) binne foar behanneling
fan it inisjatyfutstel yn de gearkomste fan jannewaris 2000, tagelyk mei de
behanneling fan de "Huisvestingsverordening". De fraksjes fan GBL (5 stimmen)
en WD (1) binne foar it daliks behanneljen fan it utstel. It inisjatyfutstel wurdt,
om't de mearderheid fan de ried tsjin it daliks behanneljen is, net op 'e aginda foar
dizze jun set.
Feststellen ofspraken OKI. II
99/114 - 0926 m.
Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen A. Dijkstra, Admiraal, mefrou Haites,
de hear Keizer, mefrou Dijkman en de foarsitter.
De fraksjes fan GBL en WD tsjinje tegearre in moasje yn. De FNP tsjinnet ek in
moasje yn. De teksten fan dy moasjes binne taheakke en meitsje sa underdiel ut
fan dit ferslach (underbrekking gearkomste 1893 m/ein fan 'e ban 2230 m).
De moasje fan de FNP wurdt mei 10 stimmen foar (PvdA, FNP, WD en CDA) en
5 stimmen tsjin (GBL) oannommen.
De moasje fan GBL/WD wurdt mei 9 stimmen tsjin (PvdA, FNP en CDA) en 6
stimmen foar (GBL en WD) fersmiten.
It utstel fan it kolleezje wurdt mei 9 stimmen foar (PvdA, FNP en CDA) en 6
stimmen tsjin (GBL en WD) oannommen
Feststellen ferskate tariedingsbesluten
99/115 - Ban II 0093 m.
Der wurdt it wurd oer herd troch de hearen F. Dijkstra, Keizer en wethalder
Klaassens.
Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten.
Ferskillende ruzings fuortgong bestimmingsplan
99/116 - 0206 m.
Der wurdt it wurd oer herd troch de hear Admiraal.
It utstel fan it kolleezje wurdt sunder haadlike stimming oannaam.
Fierdere fuortgong bestimmingsplan Butengebiet
99/117 - 0228 m.
Der wurdt it wurd oer herd troch mefou Dijkman, de hear Admiraal en de foarsit
ter.