GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 8 Agindapunt: 8 Foarstelnu.: 2000/23 Stiens, 21 maart 2000 Underwerp: ferfangen beukermeubiler ibs Oan't Skipperspypke Koarnjum Oan de gemeenteried De lokaasjelieder fan ibs Oan't Skipperspypke yn Koarnjum hat in oanfraach by us yntsjinne foar it ferfangen fan it meubiler by de beukers. It meubiler dat der no tsjinst docht is op syn minst 21 jier aid. It is dan ek aardich fersliten. Earder is der al it ien en oar oan reparearre, mar de lak wurdt sa fier is't hinne djoerder as it brief. It buro fan 'e beukerjuffer is boppedat al fan 1963. Sjoen it feit dat de ofskriuwtermyn dy't Londo foar dit meubiler jout al ofrun is, hawwe wy in ruzing frege fan de kosten foar nij. Om 't wy in oantal jierren lyn steld ha mar mei ien leveransier te dwaan hawwe te wollen, sadat de skoallen ek ris wat utwikselje kinne, hawwe wy Schilte dy ruzing frege. De ruzing komt ut op in bedrach fan 10.779,98 ynklusyf btw. Om't de skoalle in reserve meubiler hat der't dit bedrach uthelle wurde kin, stelle wy jimme rie ut de kosten fan it ferfangen ten leste fan dizze reserve te bringen. De leden fan riedskommisje 2 hawwe yn har gearkomste fan 14 maart oanjun dat sy har fine kinne yn dit utstel. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MEFR. W.CHR. VROEGINDEWEIJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 26