GEMEENTE 1 LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 28 febrewaris 2000. Oanwezich: de froulju D. Dijkman, F. Haites en J.M. Oppenoorth en de hearen J.W. Admiraal, S.R. Roosma, A. Dijkstra, F. Dijkstra, B. Lageweg, R.A. Ketellapper, W. Ekas, J.S. Keizer, A. Elgersma, J. Stienstra, B.H. Klaassens en wethalder C. Vos. Foarsitter: mefrou W.Chr. Vroegindeweij Siktaris: J.J. Kingma Ban II -0382m.-2000/17 1. Ynfolien untstiene fakatuere fan wethalder. Der wurdt it wurd oer fierd troch de de hear Lageweg, mefrou Haites, de hearen Admiraal en A. Dijkstra en mefrou Dijkman. De hear Lageweg draacht de hear Keizer ut namme fan syn fraksje foar as nije wethalder. Demei hat der skriftlik stimming plak. Der wurde 15 stimbriefkes ynlevere werby't 11 riedsleden in stim utbringe op de hear Keizer. De oare 4 stimbriefkes binne net jildich. Ut de stimming docht bliken dat de rie de hear Keizer ta wethalder beneamd hat. De hear Keizer nimt de beneaming oan en wurdt dermei lokwinske. Oanslutend lest de foarsitter it folgjende gedicht foar: Een nieuwe lente, een nieuw geluid. Ik hoop dat dit lied klinkt als het geluid dat ik hoorde in die lentenacht. Het klonk zo helder en toch heel zacht. Alles wordt anders en blijft toch hetzelfde. Samen besturen, al is het op de 'helte Is goed 'foar us mienskipdie rust wil en vrede. Dus hopelijk vallen we elkaar wat minder in de rede. (W.Chr. V) Dernei kriget wethalder Keizer de gelegenheid om it wurd te fieren. As leste wurdt de nije plakyndieling fan de ferskillende fraksjes by de riedsgearkomsten feststeld (sjoch bylage). Sa besluten troch de ried niisneamd yn syn iepenbiere gearkomste fan 30 maart 2000. de siktaris, i de foarsitter, gma) (Mefr. W.Chr. Vroegindeweij)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 6