GEMEENTE 3 LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e Wurklist3 Utstelnumer: 2000/45 Stiens, 16 maaie 2000 Underwerp: untwikkelingsgearwurking (budzjet 2000) Oan: de rie De leste 3 jier (1997 oant 1999) hat us gemeente yn it ramt fan untwikkelingsgearwurking in trijetal projekten stipe. Derfoar hat jhnme rie foar dat skoft in bedrach fan 1,- de ynwenner it jier beskikber steld. Dit wiene de neikommende projekten: - IPC dier yn Oentsjerk foar in bedrach fan 5.000,- yn't jier; - Stichting Hulp Oost Europa yn Stiens foar in bedrach fan 3.000,- yn't jier; - Wereldwinkel Stiens foar in bedrach fan 2.000,- yn 't jier. Troch it ofrinnen fan de projekten wie fan't jier spitigernoch yn 'e begrutting net in post foar untwikkelingsgearwurking opnommen. Wy hawwe miend jimme ried dochs in utstel dwaan te moatten, sjoen de needsaak fan it wurk. Wy stelle jimme dan ek ut in bedrach fan 1,— per ynwenner beskikber te stellen en dat bedrach ten leste te bringen fan "incidenteel onvoorzien". Hoewol't eins fan 't jier al nei nije c.q. oare projekten omsjoen wurde soe, krige us kolleezje it ofrune skoft fan 2 fan 'e trije boppeneamde ynstansjes it fersyk op 'e nij harren wurk te stypjen. Wy hawwe us konkluzjes lutsen ut eardere ynfollingsutstellen en realisearje us hoe lang tiid oft it nimt om te kommen ta in oerwage kar foar in nij projekt of miskien projekten. Wy stelle jimme ried dan ek ut om foar fan't jier noch ienris beskikber te stellen oan - IPC dier yn Oentsjerk in bedrach fan 5.000,- - Stichting Hulp Oost Europa yn Stiens in bedrach fan 3.000,- - Wereldwinkel Stiens in bedrach fan 2.000,— en it totaalbedrach fan 10.000,- ten leste te bringen fan "incidenteel onvoorzien". Takom jier sille wy in nij utstel dwaan foar de ynfolling. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MW. W.CHR. VROEGINDEWEIJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 9