GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 25 maaie 2000. Oanwezich: de froulju F. Haites, D. Dijkman, J.M. Oppenoorth en de hearen J.W. Admiraal, A. Dijkstra, F. Dijkstra, R.A. Ketellapper, W. Ekas, B.H. Klaassens, J. Stienstra, B. Lageweg, S. Roosma en A. Elgersma. en de wethalders J. Keizer en C. Vos. Foarsitter: Meffou W. Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear J.J. Kingraa Ban II- 0780 m. 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 Foar it begjin fan de gearkomste wurde oan de foarsitter hantekeningen oanbean troch in 'delegaasje' fan o.b.s. It Skipperspypke foar it ynrjochtsjen fan it boartersplak. De foarsitter dielt mei dat punt 5 fan de aginda ferfalt om't dat noch net yn 'e riedskommisje west hat. 1. Feststelling beslutelist fan de gearkomste fan de 27e april 2000. Sunder wizigings wurdt it ferslach under tanksizzing feststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings 2000/44 - 0853 m. De stikken dy't neamd binne under punt C falle under D en sille yn 'e ferskate riedskommisjes oan 'e oarder komme. Konseptferslaggen sille mei yngong fan septimber net mear by de ynkommen stikken foarkomme. Oer it skriuwen fan Boonstra oangeande Vriemee (Dl) sil yn riedskommisje I neiere ynformaasje jun wurde. 3Untwikkelingsgearwurking (budzj et 2000) 2000/45 - 0912 m. Dat utstel wurdt oannommen mei 14 stimmen foar (fraksjes fan PvdA, CD A, GBL en FNP) en 1 stim tsjin (fraksje WD).

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 4