GEMEENTE 2 LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 28 septimber 2000. Oanwezich: de froulju F. Haites, D. Dijkman, J.M. Oppenoorth en de hearen J.W. Admiraal, A. Dijkstra, F. Dijkstra, R.A. Ketellapper, W. Ekas, B.H. Klaassens, J. Stienstra, S. Roosma en A. Elgersma. en de wethalders J. Keizer en C. Vos. Mei kundskip ofwezich: de hear B. Lageweg Foarsitter: Mefrou W. Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0274 m. 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 Fan tefoaren ljochtet de foarsitter de nije gearkomstesystematyk fan de rie ta oangeande punten dy't behannele wurde en hammerstikken". 1Feststelling beslutelist fan de gearkomste fan de 13e July 2000. Oangeande it utstel "Renovaasje en utwreiding d'Qrientaesje"hat de WD ek tsjinstimd. Oangeande datselde punt sille de hearen Klaassens en Keizer noch tegearre utsykje hoe't it krekt sit mei de sifers fan de bousom. By punt 13 (WVG ferfiersfoarsjennings) hat de hear A, Dijkstra it wurd fierd. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 2000/70 - 0460 m. Punt B3 (skriuwen FNP oangeande boufergunning Maartenswouden) sil weromkomme yn kommisjeferban. 3Feststelling "Koepelnotitie Woonplannen Stadsgewest Leeuwarden"en "Woonplan gemeente Leeuwarderadeel" 2000/71 - 0534 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites, Dijkman en de hearen Admiraal, A. Dijkstra, Elgersma, wethalder Vos en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurde de notysje en it plan feststeld. Yn de oanbelangjende riedskommisjes sille saken meidertiid weromkeppele wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 31