- 4. It besljochtsjen fan de bestjoersoerienkomst oangeande de ynstelling fan it "Bestuurlijk Overlegplatform Stadsgewest Leeuwarden". 2000/72 - 1133 m. Mei it utstel wurdt unanym ynstimd. 5. Feststellen tariedingsbeslut foar in part fan it Butengebiet (Buerefinne 2, Stiens). 2000/73 - 1136 m. De rie giet sunder stimming akkoart mei it utstel fan it kolleezje. 6. Wizigjen bou-oardering. 2000/74 - 1139 m. It kolleezje-utstel wurdt unanym oannommen. 7. It fersyk om planskesfergoeding fan de hear Santema ut Stiens. 2000/75 - 1142 m. De rie giet sunder stimming akkoart mei it utstel sa't dat foarleit. 8. Prostitusjebelied. 2000/76 - 1145 m. Der komme oer oan it wurd de froulju Dijkman, Haites, de hearen Klaassens, A. Dijksfra, Admiraal, Ketellapper en de foarsitter. It utstel wurdt oannommen mei 12 stimmen foar en 2 stimmen tsjin. Foar it utstel binne de fraksjes fan CDA, GBL, FNP en PvdA minus de hear Klaassens) Tsjin it utstel binne mefrou Dijkman en de hear Klaassens. De neikommende stimferklearrings wurde oflein: D. Diikman: Der is in lanlike line; doel is om de prostitusje ut it kriminele sirkwy te heljen en derom is it net krekt dat Ljouwerteradiel in 0-opsje neistribbet. De hichte fan de leezjes is diskutabel. B.H. Klaassens: It regeljen fan prostitusje troch gemeenten wurdt fan boppen oplein en allinnich om hiele wichtige redenen kin der dan ek mar fan ofwykt wurde. Is hjir net it gefal. Op bedriuwichheid net op 'e foarhan tsjin. Fierder is it stik net oeral like dudlik en konsistint. A. Diikstra: Foar 0-opsje om argewaasje en oerlest foar te kommen. Net perfoarst tsjin prostitusje. As bliken docht dat 0-opsje net helber is, dan gjin fierder ferset en gjin prosedueres.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 32