GDA LEEUWARDERADEEL ALGEMIENE SKOGINGS FAN IT CDA. Kolleezje,leden fan'e rie,oanwezigen op de tribune en harkers nei radio Middelsd. F- Der binne in soad saken der't je as politike party by de algemiene skogings wat fan sizze wolle. Ik wol dat dit kear besykje te beheinen. It CDA haldt dit jier finansjele algemiene skogings,0m7t ien fan de saken dy't Us op dit stuit it meast dwaande haldt,it jild is. Want om mar daliks ta de saak te kommen,wat der oan utstellen fan it kolleez je yn de oanbiedingsbrief by de begrutting foar Us leit is net neat. De finansjele posysje fan Us gemeente is, sa't it kolleezje seit, net "rooskleurig" Hiel netsjes sein,mei it wurd "beroerd" wie it ek goed omskreaun It laachje spek is folslein fan'e ribben. Fan de boerebuter fan foarbije jierren is der allinne noch wat halvarine oerbleaun.Ik tekenje hjir in somber bield,mar it is wol de wurklikheid. De fraachrhoe krije wy wer wat spek op'e ribben hat lis fraksje de ldste tiid tige dwaande holden. Der leit in soad needsaaklik nij en al yn gong setten belied op lis te wachtsjen. De ofrtine jierren koene wy finansjeel lyk spylje troch it utstellen fan belied.Mar der komt in kear in ein oan. Utstel kin gjin ofstel wurde. De rie hat oanstien op behearsplannen foar underhdld fan wegen,grien en gebouwen. Dy binne der of komme der no.Dan moat der litfiering oan jun wurde,dat is ek ferplichtte. Fanwegen de fierdere ynfiering fan de klasseferlytsing en renovaasje freegje de skoallen in fikse ekstra finansjele ynjeksje. Gans mear as wat de gemeente fan it ryk hjirfoar fergoede krijt. It sosjaal kulturiele wurk hat ek in stimulans nedich. En om nochris wat te neamen: it ryk koartet ds mei 4% om't we sels mear belestingkapasiteit hawwe. Yn in tiid fan grutte yndividuele wolfeart is de oerheid earm. Dat begjinne we hieltyd mear te fernimmen. Troch alle besunigings fan de leste jierren begjint de publike sektor hoe langer hoe mear efterop te rinnen. De krapte oan personiel hat hjir ek mei te meitsjen. De oerheid is net altiten in oantreklike wurkjouwer mear. Yn us gemeente leit dit net oars. By vakatures is oan foldwaande goed personiel min te kommen. En foar de gemeente is dit in fereaske om har taken goed litfiere te kinnen. Soms is mear jild de iennichste manier om minsken oer de streek te luken.Dit is foar de gemeente in risikofaktor

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 21