CD A LEEUWARDERADEEL De fizy fan it CDA is,dat wy as soarchsumme gemeente fer- plichtte binne us foarsjenningen en wenomjouwing op peil te haldenDatsoarte fan saken hearre der kreas by te lizzen. Wy presintearje lis as in oantreklike wengemeente. Krekt derom binne in soad minsken hjir te wenjen kaam. Wy meie derom de boel net fertuteazje litte. De ynvestearring foar it needsaaklike nije belied hat it kolleezeje foar it kommende jier rtize op f.895.000, Wiswier net neat.Want dan komt de fraach: "Wie zal dat betalen?" It litstel fan it kolleezje is om de tariven fan de dnreplik- guodbelesting gelyk te litten. Dit haldt yn in ferheging fan de lestendruk fan 16,7%,derbuten de Zalm-snip. De CDA-fraksje hat hjir muoite mei. Derom fynt lis fraksje ek dat wy lis earst de fraach stelle moatte of't der net besunige wurde kin en skrast yn aid be lied. Wy hawwe it besocht.lt is lis oan't no ta mar in bytsje slagge.De tsiisskaaf wurket net mear. Mar wat hjir fan de boarger frege wurdt is nochal wat. De gemiddelde wearde fan de huzen giet mei 45% omheech. Mar in gemiddelde jout oan dat de stiging foar guon minsken leger litfalle sil en foar guon minsken heger. En krekt foar dy minsken komt de ekstra ferheging hurd oan. Us fraksje hat der mei wraksele om by trochgean fan it need saaklike belied in foldwaande persintaazje foar ferheging fest te stellen. Uteinlik binne wy kaam op in ferheging fan 13,7%.. De CDA-fraksje fersiket derom it kolleezje om de lestendruk fan 16,7%,derbuten de Zalm snip,mei 3% te ferleegjen. Dit wol mei ynstanhalden fan it needsaaklik achte belied. As CDA hawwe wy it dtgangspunt om gjin koarte-termyn-polityk te bedriuwen,wy fiele lis ek ferantwurdlik foar de takomst. Dit hat alles te meitsjen mei us opfetting oer it rintmaster- skip. De ynsette line fan it kolleezje is op himsels in goeie saak foar de takomst Mar de konsekwinsje derfan is foar it kommende jier wol hiel grut. It bedrachdat de troch it kolleezje litstelde ferheging op- bringtis foar it belied fan 2001 net alhiel nedich. Derom hat it de CDA-fraksje,nei djipgeand berie,besletten no net it folle bedrach fan de boargers te freegjen. Mar it gefolch is dat dit besliit konsekwinsjes hat foar de begruttingen nei 2001. Yn dit hiele ferhaal is ek noch wol in 1jochtpuntsje. De offalstoffenheffing giet mei 5% nei underen. Dat is een goeie saak.De CDA-fraksje hat altyd sein dat it taryf kostendekkend weze moat.Derom moatte meifallers ek werom jun wurde oan de boargers.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 22