CDA LEEUWARDERADEEL Yn de mearjierrenruzing steane it plein- en sintrumplan noch p.m. ruze. Wat betsjut realisearring fan dizze plannen foar us finansjele sitewaasje? F, de CDA-fraksje wol har soarch iltsprekke oer fernielsucht en oare lytse kriminaliteit yn Us gemeenteferoarsake troch in (nei alle gedachten lytse) groep jeugd. Ik haw heard dat der yn in jier wol foar sa'n f.60.000, fernield wurdt Dat is in soad jild,mienskipsjild. En it is sa doelleas. D&rom freget de CDA-fraksje oan it kolleezje: publisearje soks mar ris yn de Stienzer Omropper. Miskien fiele de alders fan bedoelde bern har oansprutsen. Want de earste ferantwurdelikheid foar it bybringen fan noarmen en wearden,en dat men fan in oar syn spul dfbliuwe moat,leit dochs thus by de alders.En net by skoalle,jongerein- wurker of gemeente. It is spitich dat der net oan te untkommen is dat ek de mienskip in diel fan dizze ferantwurdelikheid oernimme moat. Derom binne wy ek ynnommen mei it inisjatyf fan de wethalder om in proef mei jongereinwurk te begjinnen foar jeugd dy't op strjitte omhinget. Ik haw yn myn skogings in soad oandacht jun oan de finansjes. Dat is oars net us gewoante.Mar it jild jout lis op dit stuit in soad soargen. Ik haw oan jun hoe't de CDA-fraksje fynt dat de gemeente wer wat spek op'e ribben krije kin om de kommende tiid troch te kommen Dat kostet lis wol in ribbe lit lis liif. Mar mei-elkoar de skouders derunder,dan rede wy it wol. Ut namme fan us fraksje wol ik alle meiwurkers fan de gemeente tankje foar har ynset en helpfeardigens. De CDA-fraksje winsket de meiwurkers fan it gemeentehusdyt siik thiis sitte,yn't bysunder Piet van Althuis,alle goeds en betterskip ta. Ta besliit winskje ik us allegearre foar it kommende jier in goede gearwurking ta yn it belang fan de boargers fan Ljouwer- teradiel Ut namme fan de CDA-fraksje Froukje Haites-Miedema

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 24