i jSjuuaedeiadiet SKOGINGS 2000 Achte kolleezjeleden, leden fan de ried, oanwezigen en harkers nei Radio Middelse. Foarsitter, YNLIEDING It jier 2000 hat by in protte minsken in magyske klank, mar sjogge jo wat fierder yn'e wrald, dan docht bliken dat it jier 2000 neat bysunders is. It bysundere leit him yn de belibbing fan it individue. Wannear minsken of groepearrings fen minsken de grip drige te ferliezen op de realiteit, dan gripe dizze lju nei hegere machten. Dit fenomeen tsjinnet him altyd oan wannear in ieu op syn ein rant. Nei us betinken hat de gemeente Ljouwerteradiel hjir al sa'n tsien jier lest fan. Sels nei tsien moanne yn'e nije ieu kinne wy noch net merkbite dat der feroarings op komst binne. Nee, wy hawwe it gefoel dat de tried fan de ofrune tsien jier wer oppakt wurde sil en der binne wy as FNP net sa bliid mei. Yn'e skogings fan 1995 hiene wy it der oer dat Fryslan in proeftun wie by de Bestjoerlike Femijing. Dit proses is mislearre en op beheinde skaal is der in oar proses foar yn it plak kornmen. Ljouwerteradiel en us buorgemeente Menameradiel binne no proeftuntsjes fan de provinsje en fan Ljouwert. Wy fine it ferfelend dat de provinsje - it ryk sjocht mei oer de skouders fan de provinsje - mei grutte belangstelling sjocht hoe at Ljouwerteradiel omgean sil mei it knevelproses wer't wy no yn sitte. Foar de kommende tiid sil „realiteitszin" it biedwurd weze moatte. Tiid foar politike konkelderij is der no net mear. Dat moat mar utsteld wurde oan't it skip mei jild wer oanleit yn us gemeente en wy freegje us of at soks ea wer barre sil. BEGRUTTING 2001 Foarsitter, Yn it ferline, under it bewald fan jo foargonger binne der grutte dingen ta stan kommen. Der wie dan ek jild genoch, it lei foar it opskeppen. Hy wie krekt de rattefanger fan Hameln, hy foarop en direkt folge troch de „partij Gemeentebeiangen Leeuwarderadeel" Hja sloegen foar best op en soene de boargers wol ris sjen litte werta hja wol net yn steat wiene. Der flak achter run de P.v.d.A., sy koene fansels in boargemaster fan harren eigen kleur net yn'e steek litte. Der wer flak achter kaam de WD, want dy wie it altyd tige ieas mei de foatgeande sprekkers en fungearre as byweintsje fan de P.v.d.A. Op in lytse ofstan sukkele it CD A der wer achteroan, noch net bekommen fai>. de swiere slash oprun by de foargeande ferkiezings. Op in folle grutter ofstan folge de FNP. Dizze partij gie sa no en dan op'e rem stean en rop dat it sa op'e kop ferkeard kaam. De beide kolleezje-partijen GBL en P.v.d.A. mei stipe fen de WD en it CDA wiene net mear te halden. Sa sitte wy no mei prachtige foarsjennings, wer't in gemeente mei twakear safolle ynwenners oergeunstich op weze kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 26