- 2 - Sunt dy tiid is it gewoante om net mear fierder foarut te sjen as ien jier en te pronkjen mei alles wat ta stan brocht is. It wie allinnich mar „hoera en joechhei". Dat sokke djoere saken jierliks in hiele bulte jild kostjen giene, waard net by stil stien. De FNP waskoge hjir foar, mar men woe net harkje. Alles wie blykber mooglik, mar foar it yn stan halden fan in goede kwahteit fan diken, grienfoarsjennings, gebouwen, ensfh. wie gjin jild mear. r Soks is dan ek yn de hiele gemeente te sjen en jout oanlieding ta in bulte klachten fan e boargeis Sa binne wy belane yn de desolate fynansjele posysje weryn wy us no befine en earst no wurdt men wekker. GBL, de partij dy hjiryn it grutste oandiel han hat, mei no it eigen pun opromje. Dat binne sy no ek fan plan,mar it giet wol oer de rech fan de boargers. Woe GBL yn it ferline nea de belesting ferheegje mei mear as de taname fan de ynflaasje, no is der gjin untkommen mear oan. Der wurdt utsteld om de unreplik saakbelesting mei hast 50% te ferheegjen, al seit men soks yn wat oare wurden en sprekt men net oer in ferheging. Men kin ek net oars, want hja sjogge no wol yn dat de tiid fan "skep mar op" en „nei us de sundfloed foar goed foarby is. Om it tij te kearen hat de FNP by eltse begruttingsbehanneling utstellen dien om ta strukturiele besunigingentekommen. Wy seagen de bui allang hingjen, mar us utstellen waarden fuortstimd omdat men der gjin boadskip oan hie. De klap komt dertroch no noch folle hurder oan. UNDERWIIS i-fj iri In oare saak dy de FNP neame wol is it tuskentiids opstappen fan wethalder Klaassens fanwege it skeel oer de husfesting fan it bysunder underwiis yn Stiens. Foar him en syn partij, de PvdA, giene prinsipes boppe kwaliteit. Foar de FNP jildde en jildt noch altyd dat de belangen fan de bem en de kwaliteit fan it underwiis foarop stean moatte. Dizze koers hawwe wy ek fearn by de bou fan de iepenbiere skoalle „De Twilling yn Stiens en sille wy ek fierder farre by de utwreiding fan „De Jint" yn Stiens en de skoallen yn Koarnjum en Hijum. Wat de utwreiding fan „De Jint" oangiet hat de FNP in utstel dien dat nei us betinken underwiiskundich oan alle easken foldwaan kin en tagelyk yn'e takomst in bulte jild besparre Om no foar tydlike husfesting oan de skoalle fest te bouwen, mei it eachmerk dy romten letter te bruken foar butenskoalse opfang, giet us te fier en is te djoer, sa ek al yn de parse te lezen wie. ROMTLIKE OARDERING u o w Yn it ramt fan de ofspraken yn it stedsgewest, OKL-II, mei Ljouwerteradiel 10 jier lang eltse 2 jier gemiddeld 24 wenten bouwe. Ljouwerteradiel hat in eigen ferdielkaai wer't huzen bouwd wurde sille, nit. 85% yn Stiens en 5 /o yn de oare doarpen. Foar it plan Aldlan-II, 125 wenten, betsjut dit dat oer sa'n 10 jier pas utem set wurde km mei it wenryp meitsjen hjirfan. ,.)A. Om koart te gean: Ljouwerteradiel kin it bouwprogramma fan 120 wenten oan t en mei it jier ..0 U net iens realisearje. De FNP fynt dit in minne saak. Ien fan de ofspraken yn it stedsgewest is dat der tuskentiids sjoen wurde sil at de bouwofspraken helle wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 27