GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Riedsgearkomste: 30novimber 2000 Utstelnumer: 2000/93 Underwerp: ferbetterjen tagongspartij de Skalm Stiens, 27 novimber 2000 Beslut om te nimmen: It beskikber stellen fan in kredyt fan 52.000,= foar it ferbetterjen fan de tagongspartij fan it multyfunksjoneel sintrum de Skalm yn Stiens troch automatyske skodoarren. Koarte ynhald: By de nijbou is it gebou net foarsjoen fan automatyske skodoarren. Dat wurdt by it hjoeddeiske gebruk (alderein, minderfaliden) as in tekoartkomming field. Ynlieding: Arguminten: It gebruk fan sa'n gebou moat optimaal weze. Yngongspartijen werby't rekkene wurdt mei rolstuollen meitsje der underdid fan ut. Kanttekeningen: Der is bewust keazen foar automatyske skodoarren. De breedte is derfoar oanwezich, en dat type doarren is by utstek geskikt foar in unbehindere tagong. Finansjele taljochting: De kosten fan de ynvestearring kinne yniens t.l.f. de reserve Sosjaal Funs brocht wurde. Utfiering/ofhaimeling: By in oantal bedriuwen is in priisopjefte frege. Evaluaasje: Kommisje: Kommisj e/moanne Advys miening: De kommisje kin mei dit utstel ynstimme.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 48