GEMEENTE 1 LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 30 oktober en 6 novimber 2000 (mei u.o. behanneling Begrutting 2001/Mearjierreruzings 2002-2004). Oanwezich: de froulju F. Haites, D. Dijkman, J.M. Oppenoorth en de hearen J.W. Admiraal, A. Dijkstra, F. Dijkstra, R.A. Ketellapper, W. Ekas, B.H. Klaassens, J. Stienstra, B. Lageweg, S. Roosma en A. Elgersma en de wethalders J. Keizer en C. Vos. Foarsitter: Mefrou W. Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0000 m 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 la. 0059 m - 2000/81 Begrutting 2001 en mearjierreruzings 2002 -2004. Efter inoar wurde troch de fraksjes de algemiene skogings foarlezen: 0059 - 0650: de hear W. Ekas ut namme fan de GBL-ffaksje 0650 - 1169: mefrou J.M. Oppenoorth ut namme fan de PvdA-ffaksje 1169 - 1360: mefrou F. Haites ut namme fan de CDA-fraksje 1360 - 1582: de hear F. Dijkstra ut namme fan de FNP-fraksje 1582 - 1818: mefrou D. Dijkman ut namme fan de VVD-fraksje De skogings binne oan dit ferslach taheakke en meitsje der sa underdid fan ut. Einban: 1818m 2. Ban II/ 0000m a. Feststelling beslutelist fan de gearkomste fan 28 septimber 2000. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Klaassens (pt. 1Renovaasje en utwreiding CBS d 'Orientaesje/sifers bousom), F. Dijkstra, A. Dijkstra, Ketellapper (alle trije oer pt. 2: skriuwen FNP boufergunning Maartenswouden) en de foarsitter. Der wurdt tasein dat pt. 2 op 'e nij yn kommisje III oan 'e oarder komme sil. Fierder wurdt it ferslach under tanksizzing feststeld. 3. 0092 m -2000/82 Ynkommen stikken en meidielings Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Klaassens, Lageweg (beide oer pt. CI: brief behanneling hammerstikken riedsgearkomste) en de foarsitter. De niisneamde brief sil meidertiid meinommen wurde by de evaluaasje fan de nije gearkomstesy stematy k -1-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 4