GEMEENTE 7 LEEUWARDERADEEL Stiens, 21 novimber 2000 Riedsgearkomste: 30 novimber 2000 Utstelnumer: 2000/94 Underwerp: Kreftstroomoansluting Aktiviteitesintrum "De Skalm" yn Stiens Beslut om te nimmen: Foar de oanlis fan in kreftstroomoansluting yn it Aktiviteitesintrum "De Skalm" yn Stiens, foar rekken fan "Unfoarsjoen 2000", foar ien kear in kredyt fan 3.437,- beskikber stelle. Koarte ynhald: Fersyk fan Sichting "De Skalm" om it oanlizzen fan in kreftstroomoansluting yn it Aktiviteitesintrum "De Skalm" yn Stiens. Ynlieding: Fan Stichting "De Skalm" hawwe wy troch in skriuwen fan 3 febrewaris 1.1. in fersyk krigen foar it oanlizzen fan in adekwate kreftstroomoansluting yn it Aktiviteitesintrum "De Skalm" yn Stiens. Dy oansluting is needsaaklik foar utfierings fan Tryater ensfh. yn it Aktiviteitesintrum. Der is op dit stuit net genoch stroomfermogen foar oanwezich en der moat mei needfoarsjennings wurke wurde. De kosten fan in kreftstroomoansluting binne 3.437,- ynklusyf BTW, sa't blykt ut de stikken dy't foar jimme op besjen lizze, De Stichting beskikt sels net oer dy fmansjele middels. Arguminten: Wy binne fan betinken dat in Aktiviteitesintrum lykas dat fan Stichting "De Skalm" net sunder in adekwate kreftstroomoansluting kin. Sa'n oansluting is foar it Aktiviteitesintrum "De Skalm" in essinsjele foarsjenning. Der kin de Stichting grutskalige(r) aktiviteiten mei organisearje of mei it organisearjen derfan trochgean. Finansjele taljochtingrlt boppeneamde kredyt fan 3.437,- kin foar rekken fan "Unfoarsjoen 2000 brocht wurde. Utfiering/ofhanneling: It fierdere technyske utwurkjen fan dit beslut (it jaan fan de opdracht ensfh.) sil troch gemeentewurken ynfold wurde. Riedskommisje I: Riedskommisje I hat him op 13 novimber 1.1. posityf oer dit utstel utsprutsen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 51