0135m - 2000/83 Utwreiding oantal helpienheden Stichting "Maatschappelijk Werk Fryslan". Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 0150 m - 2000/84 Provinsjaal restauraasje- en utfieringsplan (PRUP) 2001-2006. De hear A. Dijkstra seit dat der in lytse tekstoanpassing plak ha moat (strjittenamme Bredyk 16). Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 0199m - 2000/85 Ofsluten kontrakt aid papier. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 0211 m-2000/86. Budzjetsubsidiearjen Stifting "De Skalm" 2001-2002/ subsydzje-oanfraach Stifting "Pjutteboartersplak Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites, Dijkman, de hearen Klaassens, A. Dijkstra, Elgersma, Admiraal, Lageweg en wethalder Vos. Nei it underbrekken fan de gearkomste (1429 m) wurdt it utstel op underdielen yn stimming brocht. It neikommende wurdt besletten: Underdid 1: De fraksjes fan WD (1 stim), PvdA (4 stimmen) en FNP (2 stimmen) stimme tsjin dit underdid. De fraksjes fan GBL (5 stimmen) en CD A (3 stimmen) stimme foar dit underdiel. De PvdA wol in perioade fan 1 en net fan 2 jier lyk as it kolleezje utstelt. Underdiel 2: De hear Klaassens leit ut namme fan syn fraksje (PvdA) in stimferklearring of. De PvdA wol ynformearre wurde oangeande it ferfolchtrajekt. De FNP-fraksje (2 stimmen) stimt tsjin dit underdiel. De fraksjes GBL (5 stimmen), CDA (3 stimmen), YVD (1 stim) en PvdA (4 stimmen) geane akkoart. Underdiel 3: De hear Klaassens leit ut namme fan syn fraksje in stimferklearring of. De PvdA wol hjir ek in perioade fan 1 jier en net fan 2 jier sa't it kolleezje utstelt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 5