Yn 'e tredde termyn foar de rie wurdt it wurd fierd troch de hearen Lageweg (1612), Admiraal (1633), mefrou Haites (1719 en 1795) en de hearen A. Dijkstra (1767 en 1860), Ketellapper (1820) en F. Dijkstra(1880), mefrou Dijkman (1900) en de foarsitter (1913). De hearen Admiraal (1931) en A. Dijkstra (1939) lizze in stimferklearring of. Dernei bringt de foarsitter it utstel fan it kolleezje yn stimming werby't hja fan tefoaren oanjout dat underdid 3 (de tariven foar de unreplik guodbelestings op itselde nivo litte) ferfalle sil. De beslutfoarming deroer sil plak ha yn de riedsgearkomste fan desimber. Fierder wurdt it neikommende besletten: 1. De begrutting 2001 en de mearjierreruzings oer 2002 oant en mei 2004 neffens it konsept feststelle ynklusyf in ynkomsteferleging OZB fan 150.000,--. Tsjin dat underdid stimme de fraksjes fan FNP (2 stimmen), WD (1 stim) en de PvdA (4 stimmen). De fraksjes fan GBL (5 stimmen) en CD A (3 stimmen) binne foar. 2. De tariven foar de rioelrjochten, de hunebelesting, de forinzebelesting en de leezjes ferheegje mei 2,3%, dat is de korreksje foar de untwikkeling fan de ynflaasje. By dat underdiel stimme de fraksjes fan GBL (5 stimmen), PvdA (4 stimmen), CDA (3 stimmen) en WD (1 stim) foar. De FNP-fraksje (2 stimmen) is ek foar, lykwols mei utsundering fan it underdiel leezjes. 3. Dat underdiel ferfalt. Der wurdt in beslut oer nommen yn desimber, werby't rekkene wurde sil mei wat under pt. 1 neamd is. 4. De tariven foar de offalstoffeheffing sa te ferleegjen dat de kosten van produkt 721.1 "Afvalverwijdering en - verwerking" foar 100% dutsen wurde. By dat underdiel stimme alle fraksjes foar. W 9. 2010m 2000/88. Begruttingswizigings Neffens it utstel wurde de begruttingswizigings feststeld. Sluting (2019m) Sa feststeld troch de ried niisneamd yn syn iepenbiere gearkomste fan 30 novimber 2000, de foarsitter, de siktaris, (Me: (J.JllKingma) _4_

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 7