3 10. Beskikber stellen kredyt ferbouplannen Oan't Skipperspypke yn Koarnjum 2001/33 - 1472 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch frou Dijkman en de hearen Dijkstra, Stienstra, Klaassens, Ketellapper en wethalder Keizer. Sunder haadlike stimming wurdt it utstel fan it kolleezje oannommen. 11. Iepenbier grien: priisbeleid en delegaasje 2001/34 - 1980 m. In amendemint fan GBL oangeande differinsjaasje fan prizen foar Stiens oan 'e iene en foar de butendoarpen oan 'e oare kant en in feste ferkeappriis sunder ferheging yn neikommende jierren wurdt troch de oare fraksjes fersmiten. It utstel fan it kolleezje wurdt dernei oannommen mei 10 stimmen foar en 4 stimmen tsjin. Foar it utstel binne de fraksjes fan CD A, PvdA en FNP. Tsjin it utstel binne de fraksjes fan GBL (minus de wethalder) en de WD. 12. Begruttingswizigings 2001/35 - Ban II 108 m. De begruttingswizigings sille yn 'e folgiende gearkomste oan 'e oarder komme. Sluten (220 m). Sa feststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan (mw W.Chr. Vroegindeweij)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 8