GEMEENTE 3 LJOUWERTERADIEL Stiens, 25 juny 2001 Riedsgearkomste: 5july2001 Utstelnumer: 2001/50 Underwerp: oanfraach kredyt earste ynrjochting 2 lokalen OBS "de Jint" Beslut dat nommen wurde moat: kredyt ad 35.396,55 ferliene foar rekken fan 'e post "onvoorzien-structureel 2001". Koarte ynhald: earste ynrjochtingskosten 2 lokalen by IBS "de Jint"(bou derfan by riedsbeslut febrewaris 2001) Ynlieding: yn it ramt fan it lytser meitsjen fan klassen en de groei fan it tal learlingen yn it iepenbier underwiis yn Stiens hat jimme ried yn febrewaris lestlyn besluten twa lokalen te bouwen oan it skoalgebou IBS "de Jint". Foar dy lokalen is earste ynrjochting nedich. Arguminten: It riedsbeslut gie allinnich maar om it bouwen fan de beide lokalen (tsjin noarmkosten). It ynrjochtsjen fan de lokalen is no oan 'e oarder. It meubiler dat no yn 'e needlokalen pleatst is, is like tydlilc as de lokalen sels. Kanttekenings: Finansjele taljochting: Yn 'e begrutting foar fan't jier is gjin rekken halden mei dizze utjeften. Beskiklce oer de reserve meubiler is net mooglik, om't it bedrach deryn net tarikkend is, mar boppedat soe it net korrekt weze dat jild foar dit doel te bruken. Dy reserve heart brukt te wurden foar ferfanging fan besteand materiaal, net foar utwreiding. De stelpost "onvoorzien-structureel" is grut genoch om sa'n kapitaallest drage te kinnen, derom stelle wy ut it rusde bedrach ten leste fan dy post te bringen. It giet om in totaalbedrach fan 35.397,-. De kapitaallest is dan 4.809,- (ofskriuwing 10 jier, rinte 6%). Utfieren/ofhanneljen: buro's underwiis en bousaken Evaluaasje: net fan tapassing Kommisje: Kommisje 1 moanne juny 2001

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 13