GEMEENTE 4 LEEUWARDERADEEL Stiens, 25 juny 2001 Riedsgearkomste Utstelnumer: Underwerp: 5 july 2001 2001/51 Fuzje Westergo-Marrelan Beslut om te nimmen: It deistich bestjoer fan Westergo Bedrijven opdracht jaan om de utstellen ta in fuzje neier ut te wurkjen. Algemiene taljochting: In oantal eksteme en ynteme untwikkelings op it med fan de sosjale wurkfoarsjenning hawwe foar de bestjoeren fan de Marrelan en Westergo Bedrijven oanlieding west om undersykje te litten oft in fuzje de gefolgen fan dy untwikkelings teneate dwaan kin, respektivelik oft in fuzje nije mooglikheden jout. Foar it begelieden en it stypjen fan it undersyk nei de fuzje en it mooglike fierdere fuzjeproses is Deloitte Touche Bakkenist oanlutsen. Dat buro hat in bestjoersutstel makke dat op 'e aginda set is fan 'e algemiene bestjoersgearkomste fan Westergo Bedrijven fan 28 juny o.s. De yn it utstel opnommen konkluzje dat de skaalfergrutting in plus hat foar beide partijen en dat dermei foar de takomst in goede basis lein wurde kin foar it behald fan in adekwate organisaasje foar subsidiearre wurk yn it wurkgebiet fan beide fuzjepartners, underskriuwe wy. Foar it underbouwen fan de konkluzje ferwize wy jimme hjirby om koart te gean nei it bygeande bestjoersutstel. Finansjele taljochting: Ut fergeliking fan de fermogens fan beide bedriuwen docht bliken dat it eigen fermogen by Marrelan op 12.500,- de fte. leit en by Westergo bedrijven op 2.500,-. Op grun fan de 450 fte's fan Westergo Bedrijven op dit stuit soe konkludearre wurde kinne dat by it trochgean fan de fuzje de gemeenten dy't yn Westergo Bedrijven dielnimme in fereffeningsbydrage fan 4,5 miljoen beskikber stelle moatte. Deloitte Touche Bakkenist stelt lykwols ut om de bydrage te beheinen ta 3,0 miljoen en dy it leafst yn ien kear beskikber te stellen. Foar us komt dat ut op in bydrage fan hast 127.000,- (19 fte's). Foar de bydrage foar ien kear oer stiet it foardiel fan de jierlikse bydrage yn it neidielich eksploitaasjerisseltaat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 16