4. Feststelling fan de grimprizen perselen Truerderdyk 10-12 yn Stiens. 2001/38 - 710 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Admiraal, Lageweg, Stienstra en de foarsitter. De wize fan utjefte fan de gran, antispekulaasjebetingsten ensfh. sille noch yn kommisje III oan 'e oarder komme. It utstel wurdt oannommen mei 14 stimmen foar en 1 stim tsjin (Stienstra). De hear Stienstra leit in stimferklearring of. 5. Feststelling jierferslach utfiering miljeutaken 2000 en it programma 2002. 2001/39 - 870 m. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besletten. Mefrou Oppenoorth leit in stimferklearring of. 6. Treasurystatut. 2001/40 - 900 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt it kolleezje-utstel oannommen. 7. Kredyt/aktualisearjen bestimmingsplannen. 2001/41 - 905 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Admiraal, Bijlsma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt it kolleezje-utstel oannommen. 8. Beneaming lid Verbruikersraad Essent 2001/42 - 1060 m. By akklamaasje wurdt mefrou Oppenoorth ta lid beneamd en mefrou Dijkman ta plakferfangend lid. 9. Reorganisaasjeplan St. Maatschappelijk Werk "Fryslan" 2001/43 - 1080 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites, Dijkman, Oppenoorth en de hearen Elgersma, Bijlsma, Admiraal, Lageweg en wethalder Vos. Troch de PvdA wurdt in amendemint yntsjinne foar it wizigjen fan punt 2 fan it beslut. Dat komt del op it feststellen fan it reorganisaasjebudzjet op 14.330,66 foar rekken fan 2001 en it letter besluten oer in fierdere bydrage, yn ofwachting fan de fuortgong yn dat proses. -2-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 5