GEMEENTE 7 LEEUWARDERADEEL Stiens, 17 septimber 2001 Riedsgearkomste: 27 septimber 2001 Utstelnumer: 2001/64 Underwerp: Flaggemest Sint Vitustsjerke yn Stiens Beslut om te nimmen: It beskikber stellen fan in kredyt fan 25.375- ynklusyf BTW foar de Sint Vitustsjerke yn Stiens. Koarte ynhald: De gemeente wol graach de flaggemest fernije en in oantal foarsjennings realisearje dy 't fuortkomme ut de arbo-regeljouwing. Ynlieding: De besteande konstruksje om de flagge ut te stekken likegoed as de flaggemest is aid en fersliten. Tagelyk is in oantal foarsjennings needsaaklik om de feiligens te ferbetterjen en te garandearjen. (Arbo) Arguminten: Yn 1999 is de flaggemest al in kear brutsen en fan de toer waaid. Fierder is de sitewaasje sa't dy der no hinne leit net feilich mei it each op de steat weryn't de boppeste trep ferkeart en it untbrekken fan leunings. Finansjele taljochting: De ynvestearring bedraacht 25.375ynklusyf BTW. De jierlikse lesten binne 3.215,- ynklusyf BTW en kinne foar rekken fan de stelpost unfoarsjoen brocht wurde. Utfiering/ofhanneling: Bou- en restauraasjebedriuw De Graaf bv sil foar de utfiering soargje. Kommisje: Kommisje 10 septimber 2001 Advys miening: De kommisje kin mei it utstel ynstimme EE

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 25