Der wurdt tasein dat saken dy't delegearre en mandatearre wurde sille noch foarlein wurde oan de rie nei't de reorganisaasje fierder stal krige hat. Mei utsundering fan de FNP-fraksje (2 stimmen) wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 11. Begruttingswizigings. 2001/58 - 1777 m. Nr. 29: Automatisearring/Web-site. Mei utsundering fan de fraksjes fan FNP (2 stimmen) en de PvdA (4 stimmen) wurdt dy begruttingswiziging feststeld. Nr. 35: Renovaasje steigers Dokkumer Ie. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Roosma, Stienstra, Ketellapper, Bijlsma en wethalder Keizer. De fraksje fan de PvdA (4 stimmen) stimt tsjin dy begruttingswiziging. De oare fraksjes (CDA 3, GBL 5, FNP 2 en WD 1) geane akkoart. Nr. 36: Kredyt earste ynijochting De Jint. Dy begruttingswiziging wurdt feststeld. Nr. 37: ferfalt. De wiziging sil oanpast wurde en yn it totaaloersjoch yn septimber op 'e nij meinaam wurde. Nr. 38: Iepenbier grien. Dy begruttingswiziging wurdt feststeld. De foarsitter slut de gearkomste en winsket elkenien in goede simmerfakansje ta. Sluten (1880 m) Sa feststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 27 septimber 2001. de siktaris, <pftrgemaster, (J.J\Kingma) W.Chr. Vroegindeweij) 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 7