GEMEENTE L J OUWERTERADIEL 13 Stiens, 18 oktober 2001 Riedsgearkomste: 29 oktober 2001 Utstelnumer: 2001/83 Underwerp: oanfraach oanskaf nij meubiler OBS "Oan't Skipperspypke" yn Koamjum (earste ynrjochting nije romtes) Beslut dat nommen wurde moat: kredyt ferstrekke ad 33.695,41 foar nij meubiler. Koarte ynhald: troch ferbou en renovaasje wurde nije romtes makke, dy 't ymjochte wurde moatte. Ynlieding: Sa't jimme rie fest wol wit, wurdt de skoale yn Koarnjum renovearre en ferboud. Dermei komme der in oantal ekstra romtes, u.o. in mienskipsromte, in IB* romte, en in direksjeromte, dy't fansels ek ynrjochte wurde moatte. Om't it hjir om nije romtes giet, is it in earste ynrjochting. Foar it ynrjochtsjen fan de ferskillende romtes binne 2 ruzings opfrege. De skoallieder hat syn foarkar utsprutsen foar Schilte fanwege de winsken en ferlangens oer funksjonaliteit en estetyk. De totale kosten fan it meubiler by Schilte binne 33.695,41. Wy wolle jimme rie dan ek utstelle akkoart te gean mei de oanskaf fan bedoelde materialen by Schilte en de kosten ad 33.695,41 (ynklusyf btw) ten leste te bringen fan de reserve meubiler fan 'e skoalle, hoewol't it hjir om earste ynrjochting giet. Dy reserve komt dan in hoartsje negatyf te stean, mar wurdt gau wer opbouwd troch nije stoartings. Arguminten: Kanttekenings: Finansjele taljochting: de kosten kinne ten leste brocht wurde fan de reserve meubiler fan 'e skoalle. Hoewol't dy reserve dan in hoartsje negatyf wurdt, sjogge wy soks net as in probleem om't de kommende jierren wer stoartings plak fine sille. Utfieren/ofhannelj en Bestelling fia bousaken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 43