GEMEENTE 1 LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 31 jannewaris 2002. Oanwezich: de leden F. Haites, D. Dijkman, G. Visser, J.W. Admiraal, F. Dijkstra, R.A. Ketellapper, W. Ekas, J. Stienstra, B. Lageweg, S. Roosma, D. Bijlsma, A. Elgersma en de wethalders J. Keizer en C. Vos. Ofwezich: mefrou J.M. Oppenoorth Foarsitter: mefrou W. Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0000 m 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan 13 desimber 2001. Side 1, punt 1: de brief fan de Rie foar de Fryske Beweging sil noch yn 'e gearkomste fan Kommisje III fan febrewaris oan 'e oarder komme. Side 2, punt 2, underdiel B: de brief fan Zorgcombinatie Interzorg sil yn febrewaris yn kommisjeferban behannele wurde. Side 2 (meidieling De Nije Helling): de sin "De foarsitter konstatearret dat de rie akkoart giet" moat skrast wurde. Fierder wurdt de beslutelist under tanksizzing feststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings 2002/1 - 0100 m. (Mefrou Haites oangeande CI: GGD, le begruttingswiziging 2002) Dizze begruttingswiziging sil yn Kommisje I fan febrewaris behannele wurde. (De hear Admiraal oangeande petysje needopfang asylsikers) Dy sil yn kommisje I en rie fan febrewaris oan 'e oarder komme. (De hear Admiraal oangeande brief Twilling oer in lokaal) Dy brief sil op 'e aginda fan Kommisje II set wurde. Wethalder Keizer dielt fierder mei dat op 12 febrewaris o.s. Kommisje II om 20.00 oere begjint en Kommisje III om 19.30 oere. Op 19 febrewaris is der in ekstra gearkomste fan Kommisje II oer it sintrumplan.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 5