11. 0648m - 2002/19 Feststellen basisdokumint "Investeringsbudget Stedelijke Vernieuwing". De fraksje fan de PvdA leit troch de hear Roosma in stimferklearring of. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Besprekpunten: 12 0649m - 2002/20 Petysje St. Vluchtelingenwerk NW-Friesland Der wurdt it wurd oer fierd troeh de leden Oppenoorth, Bijlsma, Haites, Admiraal en wethalder Vos. De PvdA-fraksje tsjinnet in amendemint yn dat ynhaldt dat punt 2 yn it utstel "niet uitspreken ten faveure van de petitie: dit is Rijksbeleid ferfongen wurdt troch de sin "de gemeenteraad de wens m.b.t. de voorgestelde eenmalige maatregel deelt". Dat utstel wurdt mei 6 stimmen foar (PvdA en FNP) en 9 stimmen tsjin fersmiten. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. De PvdA-fraksje leit troch mefrou Oppenoorth in stimferklearring of. It beslut fan de ried sil tastjoerd wurde oan de ferantwurdlike steatssekretaris en de VNG. 13 1178 m - 2002/21 (Hammerstik) Alderbydragetabellen berne-opfang 2002 Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 14 1183 m-2002/22 Prestaasje-ofspraken gemeente - wenningbedriuw BWL. Der wurdt it wurd oer fierd troch de leden Elgersma, Bijlsma, Haites, Roosma, Lageweg, Admiraal en wethalder Vos. Sunder haadlike stimming wurd neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 15 1725m (ein ban 2110) - 2002/23 Begrutting 2002 fan Stifting De Skalm. Der wurdt it wurd oer fierd troch de leden Dijkman, Haites, Bijlsma, Elgersma, Oppenoorth en wethalder Vos. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 7