Roosma draacht ut namme fan de PvdA syn ffaksjegenoat Admiraal foar as wethalder. Keizer en Admiraal wurde beide mei respektivelik 12 stimmen foar en 3 blanko keazen ta wethalder. Beide leden nimme harren beneaming oan. 5. 0880m Undersyk betrouwensbrieven nije riedsleden De foarsitter stelt in undersykskommisje yn under lieding fan de gemeentesiktaris, besteande ut de leden Doting, Stienstra en Dijkstra. Der binne gjin beswieren om de kandidaten J.M. Oppenoorth en M. Hottinga- Mulder ta riedslid te beneamen. Dernei wurde de leden Keizer en Admiraal beedige as wethalder. Keizer leit de eed of, Admiraal de belofte. Troch it nije duale stelsel meitsje beide leden troch harren beneaming ta wethalder gjin diel mear ut fan de gemeenterie. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 6. 0970m Ferklearring en unthyt fan de beneamde riedsleden Mei it oflizzen fan de eed troch mefrou M. Hottinga-Mulder (GBL) en de belofte troch mefrou J.M. Oppenoorth (PvdA) binne sy lid wurden fan de gemeenterie fan Ljouwerteradiel. Dernei (1010 m) nimt de foarsitter ofskie fan de hear Vos as wethalder. Hy sil wol oanbliuwe as lid fan de gemeenterie. Dernei (1174) wurdt de hear Vos yn «e gelegenheid steld om it wurd te fieren. Syn taspraak is oan it ferslach taheakke en makket der underdiel fan ut. Sa feststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de gemeenterie fan Ljouwerteradiel fan 27 juny 2002, desiktaris, il(1de foarsitter, (J.j\Kingma) (Mefr. W.Chr. Vroegindeweij) 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 12