16. Planskeafergoeding Griene Leane/Perzenstrjitte bp Aldlan De hear Stienstra: Dielt mei dat de fraksje CD A hjir einliks neat oer sizze woe, it is al faker oan de oarder west. Wol graach byfal freegje fan de oare fraksjes om it kolleezje op te dragen in petysje nei it V&G en de formateur te stjoeren weryn de soarch utsprutsen wurdt fan it hieltiten faker utkearen fan planskeafergoeding. CDA-fraksje fynt dat dit soart saken by de rjochter thushearre. Foarsitter: Wijst de heer Stienstra erop dat als de raad iets naar Den Haag wil sturen, dit niet opgedragen kan worden aan het college. De raad moet dus zelf een petitie opstellen. Het college is dan bereid hier een brief bij te voegen dat de raad zich hierover heeft uitgesproken. De hear Ketellapper: Is fan miening dat as de ried it net iens is mei dizze gong fan saken, it kolleezje hjir mear ynformaasje oer ynwinne moat. Fynt it net in goede saak dat wannear de ried hjir net oan betelje wol, it kolleezje seit, dan geane wy prosedearen. Pleitet foar in belied hjir yn. Is fierder fan miening dat in buro ut Rotterdam net ynsicht hat yn de huzemerk yn Fryslan. Wethalder Keizer: Is fan miening dat de boargemaster in ofdwaande antwurd jun hat oan de hear Stienstra. Oangeande de opmerking fan de hear Ketellapper wurdt it folgjende meidield: Sawol de riedsleden as de kolleezjeleden binne net bliid mei dizze sitewaasje. It ofhanneljen fan dizze skeafergoedingen hawwe wy ofwachtsje litten fan de utslach fan it folgjende agindapunt. Yn goed oerlis mei in betuft buro is hjir pas op de pleats makke oant de utslach hjirfan feststeld wie. De ried hat sels wollen dat hjir fierder oer prosedearre waard en dat SAOZ, as deskundige, dit oppaklce moast. Boppedat hat SAOZ hjir regionale teams runrinnen dy't op 'e hichte binne fan de sitewaasje yn Fryslan. It kolleezje hat hannele neffens it foarstel fan de ried. As kolleezje binne wy no ferplichte dizze saak sa of te hanneljen. Twadde termin: De hear Stienstra: Freget om in utspraak fan de oare fraksjes oangeande dit punt. De hear Ketellapper: It wie fan te foaren al dudlik dat dizze saak net helber wie. We hiene in protte jild besparje kinnen. Ik fersjoch troch dizze saak dat it der yn de buert sa net nofliker op wurdt. Is fan miening dat de ried in utslach hawwe moat dy't dudlik makket dat wy it rjocht socht hawwe, de goede arguminten fan de rjochter betwivelje ik. De hear Lageweg: Vindt het ook een zorgelijke situatie, bij nieuwe plannen zullen weer bewoners gaan procederen. Vraagt zich af wat er gebeurt bij nieuwbouwplannen. Stelt voor om bij

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 15