koopcontracten op te nemen dat vrij uitzicht niet gegarandeerd is. Is er niet blij mee dat de hele
buurt meelift, nu 1 bewoner de procedure is aangegaan en heeft gewonnen.
De hear Doting:
Wil graag weten hoe sterk de motivering is. Wellicht is het de overweging waard om met een
betere motivering te komen.
De hear Roosma:
Freget it kolleezje oft buro SAOZ it ienige buro is. As dit net it gefal is, soe in opsje weze kinne
om in oar buro yn te skeakeljen.
Pleitet der foar dat takomstige bouplannen festlein wurde yn in struktuerskets, sadat men sjen
kin wer't der boud wurdt en hjir kin dan rekken mei halden wurde.
De hear Lageweg:
De huizen, waar het nu om gaat, zijn in waarde gestegen omdat deze woningen nu aan het
water liggen. Vraagt of hier naar gekeken is.
Wethalder Keizer:
Oangeande de fraach fan de hear Lageweg wurdt meidield dat al bekend is dat Aldlan 2 en 3
der oan sitte te kommen. De Provinsje ferbiedt it us om op foarried in bestimmingsplan te
meitsjen. De opsje fan de hear Roosma oangeande de struktuerskets wurdt meinommen.
De opmerking fan de hear Lageweg oangeande de weardefermeardering wurdt meidield dat, yn
it gefal fan de Griene Leane 12, dit op it leste momint noch ynbrocht is. Dit wie by de sitting
fan de Ried fan Steaten, hjir hawwe sy doe gjin oandacht mear oan skinke wollen. Yn it
ferfolch wurdt dit wol meinommen.
Oangeande de fraach fan de hear Doting oer de motivaasje wurdt meidield dat de gemeente
bystien is troch in ekstern buro.
De hear Ketellapper:
Pleitet der foar dat dit noch ris goed bepraat wurdt, dit beslut hat net in goed beslut west.
Foarsitter:
Is van mening dat deze discussie op een commissievergadering begint te lijken. De geluiden uit
de raad zijn, dat de zaak eerst nog eens nader uitgediept moet worden.
Stelt voor om de vergadering voor een ogenblik te schorsen om overleg te voeren met het
college.
Na de schorsing wordt het woord gegeven aan wethouder Keizer.
Wethalder Keizer:
Dielt mei dat sjoen de luden ut de ried it kolleezje ree is om earst neier advys yn te winnen om
te sjen oft it goeie paad nommen is. Sjoen nei de opmerkingen fan de PvdA- en de GBL-fraksje
soe it kolleezje de feroardering foar skeabeoardieling by de ried dellizze wolle, om te sjen oft
buro SAOZ wol de goeie is.
-12-