De hear Lageweg: Vraagt aan de heer Roosma of hij zijn zorg met betrekking tot dit punt wil delen in de commissievergadering. De hear Roosma: Trekt hierbij het amendement in. Foarsitter: Concludeert hierbij dat de raad akkoord gaat het voorstel zoals aan de raad is voorgelegd. 20. Utjefte boukavels Feinsum De hear Ketellapper: Dielt mei it spytich te finen dat dit lans de Ried fan Steaten moast. De hear Dijkstra: Yn de kommisje hat de FNP foarsteld om de kafels persintaazjegewiis yn te rjochtsjen, 50%, 25% en noch in kear 25%, ek fanwege it feit dat der in proseduere by de Ried fan Steaten run. Dielt fierder mei dat it miskien net om 8 wenten giet, mar om 7, sa is nei foaren kommen ut de krante. Hjir komt dan wer in planologyske proseduere efteroan. Wol hjir graach in antwurd op. De hear Roosma: Dielt mei dat der net yngien is op de suggestje fan de PvdA om dit stile net te behanneljen, mar of te wachtsjen op de utspraak fan GS. Freget werom at der haast makke wurde moat. At dochs it bestimmingsplan oanpast wurde moat, liket it de fraksje fan de PvdA goed om de yntinsje ut te sprekken wat it tempo oanbelanget en de sosjale bunens De hear Doting: Dielt mei dat de fraksje fan de WD hjir gjin problemen mei hat, wol der wol op attindearje dat yn de tarieding in goed oerlis hiel wichtich is. De hear Stienstra: Fynt dit eins in saak foar it kolleezje, mar is bliid dat sy de ried hjiryn beluke. Wol ek graach witte hoe't it sit mei it oantal wenningen. Wethalder Keizer: Is bliid dat de ried, oer it generaal, de yntinsje understreepje kin. Dielt mei dat oer it oantal wenningen gjin utspraken dien wurde kinne. De utspraak fan de Ried fan Steaten is fanmiddei pas oankaam. As bekend is wat hjir yn stiet, sil de ried ynljochte wurde. Dielt fierder mei dat wol of net "sosjaal bun" net opnommen wurde kin yn in bestimmingsplan. Oangeande de termyn wurdt sein dat dit op koarte termyn opnommen wurde sil mei in deputearre. Dielt as leste mei dat in al te fersnippere oanlis fan dit bestimmingsplan te djoer wurdt. -15-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 19