Twadde termyn:
De hear Ketellapper:
Hat it folste fertrouwen yn dit bestimmingsplan
De hear Dijkstra:
Is fan miening dat fersnippering te meitsjen hat mei de wenningen en net mei de oanlis fan
diken en de riolearring.
De hear Roosma:
Wol graach it tempo werom sjen yn it bestimmingsplan.
Wethalder Keizer:
Oangeande de opmerking fan de hear Dijkstra oangeande de fersnippering wurdt meidield dat
at it bestimmingsplan net goedkard is, it restant fan de diken en riolearring ek muoilik oanlein
wurde kin, perfoarst ek om ekonomyske redenen net, omdat der gjin opbringst tsjinoer stiet.
Is fierder bliid mei suggestje fan de hear Roosma om it noch ris goed te besjen.
Foarsitter:
Concludeert dat de raad, met enige kanttekeningen, instemt met dit voorstel.
19. Begruttingswizigings
a. De begroting van de algemene dienst voor het jaar 2002 te wijzigingen door
vaststelling van de onderstaande begrotingswijzigingen
- Financiele gevolgen Stichting Maatschappelijk Werk "Fryslan"
Foarsitter:
Aldus besloten.
- Uitbreiding uren Milieuadviesdienst Fryslan (cat.4-bedrijven)
De hear Dijkstra:
Hat sich hjir oer ferbaasd, it oantal oeren wurdt ferhege mei 94 oeren. Freget wat der
allegearre barre moat, en bart dit alle jierren?
Wethalder Keizer:
Yn it kolleezje hawwe wy te hearren krigen fan kollega Admiraal dat it giet om in
ferdubeling fan it wurk.
Foarsitter:
Aldus besloten.
Waterschade computer OBS De Homeie te Britsum
De hear Elgersma:
Dielt mei dat wetterskea oan kompj uters simpel foar te kommen is troch in plastik
hoes oer it toetseboerd te dwaan.
-16-